Skip to main content

Eskdoarn









Eskdoarn




Ut Wikipedy






Jump to navigation
Jump to search


Eskdoarn

Esdoorn-bladeren.jpg

taksonomy







Klasse:
Spermatopsida (Siedplanten)
Skift:
Deksieddigen
Famylje:
Sapindaceae (Sjippebeamfamylje)

soarte

Acer


Ferspriedingsgebiet


De eskdoarn', beltsjebeam of ahorn (Acer) is in skaai fan beammen of strûkken. Ofhinklik fan de taksonomyske opfetting heart dizze, ta de Eskdoarnfamylje (Aceraceae) of, moderner, ta de Sjippebeamfamylje (Sapindaceae).


Eskdoarns komme foar yn de mylde klimaatgebieten fan it noardlik healrûn; inkelde soarten komme foar yn Súdeast-Aazje en Yndoneezje. It skaai telt sa'n 120 soarten, ferdielt yn 16 seksjes mei 230 ferskillende taksa (soarten, ûndersoarten en fariëteiten). Dêrneist binne der ferskate hybriden.


Yn Nederlân binne allinnich de Spaanske aak of Fjildesdoorn (Acer campestre) en de gewoane eskdoarn (Acer pseudoplatanus) lânseigen.




Ynhâld





  • 1 Algemien

    • 1.1 Etymology



  • 2 Gebrûk

    • 2.1 Sierwearde


    • 2.2 Sjerp



  • 3 Soarten & Kultivars


  • 4 Sykten


  • 5 Keppeling om utens


  • 6 Boarnen, noaten en referinsjes




Algemien[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


De gielgriene blomstringen, dy't healwei maaie, fuort nei it útrinnen fan it blêd ferskine, lûke mei har geur fral iesmiggen.




Noardske eskdoarn: fruchten mei wjukken, fleanmasyntsjes


De frucht hat in relatyf grutte wjuk en wurdt wol 'helikopterke' of 'fleanmasyntsje' neamd. Der sitte twa fruchtsjes oan ien staltsje, sadat de wjukken tsjinoer elkoar stean en sa op de wyn fersparaat wurde kin. De hoeke tusken de wjukken is, neist de foarm en de lizzing fan it sied, in wichtich skaaimerk foar de ferskillende soarten.


Hast alle soarten hawwe yn de maaitiid, troch de hege woarteldruk, in sterke sopstream, sadat yn dy tiid fan it jier wûnen tige bliede kinne.


De measte soarten hawwe troch de tinne bast gau lêst fan ferbrâning at de sinne op de stam skine kin. De Noarske eskdoarn en de Gewoane Eskdoarn kinne sa'n 20 meter heech wurde. De Fjildeskdoarn bliuwt meast in mânske strûk of lytse beam.



Etymology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


De wittenskiplike namme Acer is tige âld en de komôf is ûnwis. It Latynske wurd 'acer' betsjut puntich, skerp. De namme soe te meitsjen hawwe kinne mei de skerpe, puntige blêden fan guon soarten.



Gebrûk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]





Hout fan de eskdoarn





Sûkereskdoarn


It hurde hout is goed te brûken foar meubels en flierren, om't it net gau slyt. Eskdoarn wurdt ek brûkt yn keukens omdat it ljocht fan kleur is. At der moaie slaggen yn sitte, wurdt it hout ek brûkt foar de rêchblêden fan fioelen en djoere gitaren.



Sierwearde[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Eskdoarns wurde faak foar de sier set. Fral de hjerstkleuren fan guon soarten eskdoarns binne bekend (tink oan de "Maple Leaf", it eskdoarnblêd yn de Kanadeeske flagge).
De eskdoarn groeit hurd en kin in soad snoei fernere; benammen de Spaanske aak is dêrom gaadlik foar it foarmjen fan in hage. Oare soarten kinne ek wol as hage tapast wurde, mar dan wurdt it net in tichtenien.



Sjerp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Ut eskdoarns (meast de Sûkereskdoarn) wurdt ek sjerp makke ("Ahornsjerp" of "Eskdoarnsjerp").



Soarten & Kultivars[bewurkje seksje | boarne bewurkje]



  • Colchische esdoorn (Acer cappadocicum syn. Acer laetum, Acer colchicum en Acer lobelii) -

    • Acer cappadocicum 'Aureum'


    • Acer cappadocicum 'Rubrum'



  • Gewoane eskdoarn (Acer pseudoplatanus)


  • Japanske eskdoarn (Acer japonicum)

    • Acer japonicum 'Aconitifolium'

  • Japanske eskdoarn (Acer palmatum)

    • Acer palmatum 'Atropurpureum'


    • Acer palmatum 'Bloodgood'


    • Acer palmatum 'Osakasuki'


    • Acer palmatum 'Elegans'


    • Acer palmatum 'Dissectum'


    • Acer palmatum 'Dissectum Nigrum'


    • Acer palmatum 'Dissectum Atropurpureum'


  • Montpeliereskdoarn (Acer monspessulanum)


  • Noarske eskdoarn (Acer platanoides)

    • Acer platanoides 'Drummondii'


    • Acer platanoides 'Faassen's Black'


    • Acer platanoides 'Globosum'


    • Acer platanoides 'Schwedleri'


    • Acer platanoides 'Eurostar'



  • Reade eskdoarn (Acer rubrum)

  • Slange-eskdoarn of Streekjesbast-eskdoarn (Acer capillipes)


  • Spaanske aak of Fjildeskdoarn (Acer campestre)

    • Acer campestre 'Elsrijk'


  • Sûkereskdoarn (Acer saccharum)


  • Feareskdoarn (Acer negundo)

    • Acer negundo 'Auratum'


    • Acer negundo 'Aureovariegatum'


    • Acer negundo 'Variegatum' (Bûnte feareskdoarn)


  • Sulvereskdoarn (Acer saccharinum syn. Acer dasycarpum)

    • Acer saccharinum 'Laciniatum'

  • De hybride Acer freemanni is ûntstien út in krúsing fan de Reade Eskdoarn mei de Sulvereskdoarn en neamd nei Oliver Freemann, dy't yn 1933 de krúsing makke hat.


Sykten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Jonge beammen kinne oantaast wurde troch de ferwylgingssykte (Verticillium dahliae). De eskdoarn kin ek lêst hawwe fan blêdlús en moaldau. Yn de blêden fan de gewoane eskdoarn ûntstiet yn de neisimmer faak inketflekkesykte dy't feroarsake wurdt troch de skimmel Rhytisma acerinum. Yn in betiid stadium fan de ynfeksje (sjoch plaatsjes) kriget it blêd pearske oant swarte plakken. Letter ferdiket it weefsel fan de swam, oant it yn de hjerst útdrûget en in tsjok skynweefsel foarmet. Nei de winter brekt dit weefsel iepen en ûntjout it fruchtlichem him ta spoarefoarming.



Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]



  • Ynformaasje oer it hout (eskdoarn) (by it Sintrum hout)


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]




Boarnen, noaten en/as referinsjes:


  • Helge Vedel/Johan Lange, Bomen en struiken in bos en veld. Moussault's útjouwerij, Baarn (1976)

  • Wikipedia nl:, Esdoorn

Commons










Untfongen fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Eskdoarn&oldid=866928"










Navigaasjemenu


























(window.RLQ=window.RLQ||).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.052","walltime":"0.093","ppvisitednodes":"value":106,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":1251,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":212,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":3,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":2462,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 7.288 1 -total"," 56.28% 4.102 1 Berjocht:Boarnen"," 42.99% 3.133 1 Berjocht:Commonscat"," 26.07% 1.900 1 Berjocht:Aut"],"cachereport":"origin":"mw1272","timestamp":"20190320180125","ttl":2592000,"transientcontent":false);mw.config.set("wgBackendResponseTime":113,"wgHostname":"mw1239"););

Popular posts from this blog

Top Tejano songwriter Luis Silva dead of heart attack at 64

政党

天津地下鉄3号線